Mear meldings húslik geweld

23 maaie 2012 - 12:48

It tal meldings fan húslik geweld is ferline jier yn Fryslân tanommen oant 429 meldings. De fjouwer organisaasjes foar maatskiplik wurk melde dat it om in stiging fan tritich persint giet. It maatskiplik wurk skriuwt dat foaral ta oan de nije en bettere gearwurking tusken helpferlieningsynstânsjes en de plysje.

Yn in protte gefallen binne bern ûnder de 16 jier by it húslik geweld belutsen. De helpferliening rjochtet him yn it foarste plak op help oan jonge bern. Der binne ek gefallen bekend fan bern dy't har âlders mishannelje.

Trefwurden: 
húslik geweld meldings
(Advertinsje)
(Advertinsje)