600 kuierders op It Amelân

© Omrop Fryslân
De organisaasje fan de kuiertocht op It Amelân is benaud dat der sneon swartrinners binne dy't gebrûk meitsje fan de fersoarging, dêr't se net foar betelle hawwe. De kuiertocht wurdt foar de earste kear hâlden, foar it wykein waard al de limyt berikt.
It is lykwols ûnderweis dreech te kontrolearjen wa't him ynskreaun hat. De rûtes binne frij tagonklik. De kuiertocht is rjochte op de Waadsee as Wrâlderfgoed. Yn Nes wurde ek ferskate aktiviteiten hâlden.