Protestkuier Sionsberg nei MCL

23 maaie 2012 - 12:28

Sa'n 25 ferpleechkundigen fan sikehûs de Sionsberg kuierje woansdei fan Dokkum nei it MCL yn Ljouwert. Mei de stille tocht wolle se har gefoelens uterje oer de oankommende sluting fan berneôfdieling en bertesoarch.

De tocht is in inisjatyf fan de meiwurkers sels. De ferwachting is dat de ferpleechkundigen tsjin fiif oere by it MCL yn Ljouwert oankomme. Dêr sille se rôze en blauwe ballonnen oplitte. Woansdeitejûn is der yn de Twadde Keamer in spoeddebat oer De Sionsberg.

Trefwurden: 
MCL protestkuier De Sionsberg
(Advertinsje)
(Advertinsje)