Atsma kreaket Rede fan Fryslân

23 maaie 2012 - 12:07

Fryslân hat yn de perioade oant 2040 folle mear ekonomyske kânsen as allinnich toerisme en rekreaasje. Dat seit steatssiktaris Atsma fan Ynfrastruktuer en Miljeu. Atsma faget de flier oan mei de taspraak fan de direkteur Teulings fan it Centraal Planbureau tiisdei by de iepening fan it provinsjehûs.

Teulings sei yn de Rede fan Fryslân dat Fryslân net mikke moat op kennisekonomy. Fryslân ferliest de slach mei de Rânestêd, mient Teulings. Atsma is it dêr bot mei ûniens. Atsma sjocht krekt kânsen op it mêd fan wettertechnology, lânbou en ICT.

(Advertinsje)
(Advertinsje)