Topjier foar Fryske musea

27 des 2016 - 13:33

De Fryske musea hawwe dit jier in rekôrtal besikers krige. Dat docht bliken út sifers fan de Museumfederatie Fryslân. Goed in miljoen minsken giene nei in museum yn ús provinsje.

De measten brochten in besite oan it Fries Museum yn Ljouwert, benammen fanwege in tentoanstelling oer skilder Alma-Tadema. Mar ek lytsere musea as it modelspoarmuseum yn Snits en Dekemstate yn Jelsum dienen it goed.

Dêrneist lutsen ek musea dy't oan it fernijen west hawwe mear besikers. Sa krige Museum Hearrenfean 4.000 minsken mear oer de flier yn fergelyk mei ferline jier.

Trefwurden: 
Fryske musea topjier
(Advertinsje)
(Advertinsje)