Frou út de Fryske Marren fertocht fan brânstichting

© stock.xchng, tempqp
Undersyk nei brânstichting yn in auto yn Nijmegen hat de plysje nei in 38-jierrige frou út De Fryske Marren laat. In omstanner ûntduts moandeitemiddei dat in auto by winkelsintrum Leuvensbroek yn Nijmegen yn brân stie. It die bliken dat de auto yn brân stutsen wie. Op basis fan tsjûgen koe de plysje de Friezinne oppakke. Se sit noch fêst yn ferbân mei it plysje-ûndersyk.