Ynbrekkers oer it mêd kommen

27 des 2016 - 12:02
Argyffoto - Foto: Omrop Fryslân

De eigener fan in plomfeebedriuw oan de Jardinga yn Easterwâlde hat moandeitejûn twa ynbrekkers trappearre. It duo naaide nei de ûntdekking út yn in bestelbus. De plysje die fuort in opspoaringsberjocht út. Op de Curielaan by Drachten seach de plysje de bestelbus. De bestjoerder krige in stopteken. De twa ynsitters, in 32-jierrige Burgumer en in 49-jierrige man út Grins, binne oanhâlden.

Trefwurden: 
stellerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)