Jelmer van Brunschot nei EK rolstoelbasketbal

Rolstoelbasketballer Jelmer van Brunschot fan De Knipe docht mei oan it Europeesk kampioenskip rolstoelbasketbal ûnder de 22 jier. Hy is selektearre foar de ploech dy't yn aksje komt op it toernoai yn Italië. Van Brunschot waard ôfrune simmer net selektearre foar de seleksje fan de Paralympyske Spelen. Dochs mocht er mei nei Rio de Janeiro, as stazjêre yn it ramt fan Talents 4 Tokio.
It is foar it earst yn fiif jier dat der in team fan Nederlân meidocht oan it EK rolstoelbasketbal ûnder de 22 jier. Tiisdei 10 jannewaris spilet Van Brunschot mei syn team de earste wedstriid.