Motorriders goed kontrolearje

© ANP XTRA
Motorriders dy't op Pinkstermoandei meidogge oan de Alvestêdetocht wurde ekstra yn 'e gaten hâlden. De plysje docht dat, omdat ferline jier 350 motorriders betrape waarden op te hurd riden.
Trije fan harren rieden sels safolle te hurd dat se har rydbewiis ynleverje moasten. De kontroles wurde hâlden mei ûnopfallende foertugen. De plysje hopet sa de feiligens by de tocht te fergrutsjen.