Doarpefûns en oare jildsjitters aktyf yn Weststellingwerf

It gemeentehûs van gemeente Weststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In pannakoai of -fjild, in duofyts, útwreiding fan de boarterstún en in keunstgersfjild. It binne inkelde inisjativen dy't dit jier in bydrage krigen hawwe út it Doarpefûns fan Weststellingwerf. De gemeente hie in totaalbedrach fan 33.500 euro beskikber en dat is hielendal útjûn. Betingst wie wol dat de doarpen en inisjatyfnimmers ek oare jildsjitters sykje soenen. Dêrtroch is der, ynklusyf de bydrage fan de gemeente, yn totaal hast 2,5 ton yn dizze inisjativen stutsen.
De projekten dêr't it Doarpefûns jild oan jout, moatte de leefberens yn de doarpen ferbetterje.