Twa scooterdieven oppakt

© ANP
De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei op de Stasjonswei op De Gordyk twa scooterdieven oppakt. De twa waarden trappearre om't se in oanhinger efter de auto hienen sûnder ferljochting. Nei't de plysje de auto oan de kant setten hie, die bliken dat de bestjoerder, in 17-jierrige jonge út Jobbegea, hielendal gjin rydbewiis hie. Dêrneist fûnen de plysjes yn de oanhinger in scooter en ferskate ûnderdielen fan de scooter. By kontrôle die bliken dat de scooter stellen wie fan De Himrik.
De jonge en syn 22-jierrige maat út Hoarnstersweach binne oppakt.