Doar fernield mei bierfleske

23 maaie 2012 - 11:43
Foto: Omrop Fryslân

In dronken Ljouwerter fan 39 is tiisdeitejûn oanhâlden, omdat er mei in bierfleske de sintrale tagongsdoar fan in appartemintekompleks oan de Doniastrjitte fernield hie.

Plysjes troffen de man yn de hal fan it gebou oan. Hy koe net útlizze werom't er de doar fernield hie, en woe de skea ek net betelje. De man hat proses-ferbaal krigen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)