Aanloophuis wol frijwilligers

© Omrop Fryslân
It Aanloophuis yn Ljouwert hat ferlet fan nije frijwilligers. It Aanloophuis is in plak dêr't dakleazen en minsken dy't net in soad sosjale kontakten hawwe, yn it wykein telâne kinne. De opfanghûzen binne dan ticht.
De organisaasje is yn hannen fan in grutte groep tsjerken yn Ljouwert. Der binne no krekt genôch frijwilligers om it hûs draaiende te hâlden. As der frijwilligers siik binne, is it dreech om de besetting op peil te hâlden. It Aanloophuis hat sneon iepen dei.