FOTO: Stimbus Fryske top 100 sletten, wa soe der winne?

26 des 2016 - 21:45

Stimme op de Fryske top 100 is net mear mooglik. De stimbus is op twadde krystdei om 17.15 oere hinne sletten op de redaksje fan Omrop Fryslân. Der binne goed 36.000 stimmen binnenkaam en der is stimd troch mear as 7.200 minsken.

Neffens Marcel Wiersma fan de Fryske top 100 binne der aardich wat feroaringen yn de list. "Der stean in hiel soad nije nûmers yn en we sjogge in soad fernijing en ferjonging." 

Yn de kranten

De list komt no yn de kranten te stean, útsein de lêste tsien plakken. Dy wurde pas op âldjiersdei bekend makke yn in live-útstjoering by Omrop Fryslân.

Te tryst

Ien fan de nije nûmers yn de list komt fan it selskip Burgum en Mear. Sy makken in fleurich ferske, om't se fûnen dat de foarige edysjes fan de Fryske top 100 fierstente tryst wiene. En de stimmers wiene it blykber mei harren iens, want it is no al bekend dat it liet yn alle gefallen by de earste fyftich nûmers sit.

Fryske artysten

Op de lêste stimdei wiene by de omrop optredens fan ferskate Fryske artysten, sa as Griet Wiersma, Wiebe Kaspers, Helden op Sokken en Frerik Samplonius. Ek sieten sy oan de telefoan om de stimmen yn ûntfangst te nimmen. De Hûnekop fersoarge húskeamerkonserten rûnom yn de provinsje.

De Fryske Top 100 is op sneon 31 desimber fan 12.00 oant 24.00 oere ôf live te hearren op Omrop Fryslân Radio 92.2FM en te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje. Krekt foar de jierwikseling wurdt de winner bekend makke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)