Faunafûns wol guozzen mei laserstrielen fan it lân ferjeie

26 des 2016 - 20:08

It Faunafûns is úteinset mei in proef om guozzen mei laserstrielen fan it lân te ferjeien. De proef fynt plak yn fiif ferskillende gemeenten en op sechtjin plakken. It fûns, dat tsjintwurdich offisjeel mei de namme BIJ12-Faunafonds troch it libben giet, hopet dat laserstrielen in oanfolling wêze kinne op de metoaden dy't no al bestean om skea troch guozzen oan gewaaksen by boeren foar te kommen.

De earste resultaten wurde takom maitiid ferwachte, sa seit Ton Heeren fan it Faunafûns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)