Sport Fryslân: Bewege is fan libbensbelang

26 des 2016 - 19:28

Gemiddeld giet der alle dagen ien Fries dea oan te min bewegen. Sport Fryslân wol dêr wat oan dwaan. De stimulearringsorganisaasje wol de oandacht ferlizze fan minsken dy't dochs wol bewege nei dyjingen dy't hielendal neat oan sport dogge.

Neffens Sport Fryslân giet it om ûngefear 200.000 Friezen. Dizze groep wit faak wol dat it goed is om te bewegen, mar allinne in advys of in foarljochtingsfolderke is net genôch om harren fan de stoel te krijen. 

Sport Fryslân wol gearwurkje mei ynstânsjes dy't dizze doelgroep yn byld hawwe. Dat kinne bygelyks de buertcoaches en de sosjale wykteams wêze. Direkteur Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân hat it SportLab ûntwikkele, wêryn't de organisaasje mei oare ynstânsjes manieren betinkt om Friezen oan it bewegen te krijen.

Trefwurden: 
bewege Sport Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)