Topdrokte by wenbûlevaar yn Wolvegea

Nei jierren fan krisis liket it derop dat wenwinkels wer goede saken dogge. Sa wie it op twadde krystdei by de wenbûlevaar yn Wolvegea smoardrok. Goed seistûzen minsken besochten de wenwinkels dêr. Dochs keapet gemiddeld mar 20 prosint fan de klanten wat op sa'n dei.
Yn Wolvegea binne se der dochs mear as tefreden oer, sa lit direkteur Sicco Kapenga witte. "As elkenien wat keapje soe, kinne we it nea oan.'' Personiel moat fol oan 'e bak dizze dagen. Ek de rest fan de krystfakânsje wurde in soad klanten ferwachte.