Gemeente keapet pleats A'skea

De gemeente Eaststellingwerf hat by Appelskea in buorkerij mei 28 bunder grûn oankocht. Op de grûn tichtebij golfbaan De Hildeberg en kamping De Roggeberg moat de toeristyske sektor groeikânsen krije.
Wethâlder Jan Henk Veenhouwer hat hjir goeie ferwachtings fan. Mar hy moat ek tajaan dat de gemeente mei de oankeap wol risiko's rint. It is noch net bekend wat der krekt mei de buorkerij barre sil. De gemeente betellet twa miljoen euro foar pleats en byhearrende grûn.