Snits siket toeristyske gidsen

26 des 2016 - 17:39

Eveneminteburo Sneek op Maat siket minsken dy't gids wurde wolle. Yn maart begjint it bedriuw mei in oplieding dêrfoar, mei tsien lesdagen en tsien ekskurzjedagen. Neffens eigener Jeannette Ritchi binne der te min gidsen dy't aktiviteiten dwaan kinne yn de hiele gemeente. Mei it each op Kulturele Haadstêd 2018 ferwachtet se in folle grutter ferlet fan gidsen.

It lesprogramma wurdt foar in part mei jild stipe troch de gemeente Súdwest-Fryslân. Dochs moatte minsken dy't meidwaan wolle sels ek in bedrach betelje.

Der is plak foar fjirtjin persoanen. Yn de kursus komme bygelyks skiednis, wetterskip en lânskip oan bar. Ek sille der ekskurzjes wêze nei bygelyks it Woudagemaal op De Lemmer en de ferskillende musea yn de gemeente. Belangstellenden kinne harren opjaan fia info@sneekopmaat.nl.

Trefwurden: 
Snits gids Sneek op Maat
(Advertinsje)
(Advertinsje)