Drachtster yn stellen auto

23 maaie 2012 - 10:56
Oanhâlden - Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tiisdeitenacht yn Drachten in man fan 25 út dat plak oanhâlden. De man ried ûnder ynfloed fan drank yn in stellen auto. Ek wie syn riidbewiis earder al ûnjildich ferklearre.

Plysjes seagen de Drachtster, in bekende fan de plysje, riden en joegen him in stopteken. Dat negearde er, mar op De Singel waard er klemriden. It die bliken dat de auto op 10 maaie yn Drachten stellen is. De fertochte is ynsletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)