"Maatregels foar feiligere N354 bin net genôch"

De maatregels fan de provinsje om de N354 fan Ljouwert nei Snits feiliger te meitsjen op de hichte fan Tsienzerbuorren, helpe noch net genôch. Dat sizze bewenners fan it buorskip. Ofrûne wike hawwe der alwer twa ûngelokken west. Dêrmei komt de teller op tweintich foar dit jier.
Nei in oantal slimme ûngelokken, waarden yn novimber warskôgingsbuorden pleatst en nije strepen op de dyk setten. Ek kamen der reflektorpealtsjes yn de skerpe bochten. Neffens bewenner Thijs Mous hat dat wol wat effekt, mar noch lang net genôch.
Benammen jûns wurdt der hiel hurd riden, seit Mous. Al jierren binne der plannen om de dyk by Tsienzerbuorren oan te pakken. Der soe in 60-kilometersône komme en in paralleldyk oanlein wurde. Bewenner Feike Pietersma fynt it belangryk dat de provinsjale polityk oandacht hâldt foar it gefaar fan de N354. De maatregels moatte net langer foarút skood wurde, sa fynt hy..