Tradisjonele krystkuiers yn Fryslân

By de tradysjes op twadde krystdei hearre foar in soad minsken ek de saneamde krystkuiers. Op ferskate plakken yn de provinsje wienen dêrom wer prachtige rûtes útsetten. Sa koenen kuierders telâne yn Bakkefean, Achlum en op De Harkema om lekker te bewegen yn de moaiste stikjes fan it Fryske lânskip. "Sa kin it krystmiel wer goed fertarre wurde", sa wie te hearren.
Mei troch it moaie waar siet de loop der moarns fuort al goed yn by de ferskate startplakken.