Omstrunende waskbear by de Froskepôlle is einliks fûn

26 des 2016 - 13:15

De waskbear dy't de ôfrûne wike by de Froskepôlle yn Ljouwert op 'e strún wie, is moandei einliks fûn. It bist rûn al mear as in wike troch it natuergebiet. Neffens de diere-ambulânse wie de waskbear nei alle gedachten troch syn baaske loslitten yn de natuer en koe er in gefaar wêze foar húsbisten. De organisaasje hie dêrom in koai mei fretten pleatst om it bist te fangen. 

De waskbear mei net mear as húsdier hâlden wurde yn Nederlân. It bist kin sechstich oant hûndert sintimeter wurde en yt hast alles, fan lytse bisten sa as kikkerts en fisken oant fruit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)