Tûzenen euro's ynsammele foar mem en dochters Tsjummearum

Ynwenners fan Tsjummearum hawwe al hast tsientûzen euro ynsammele foar de mem en twa dochters út it doarp dy't harren hûs troch brân kwyt rekke binne. De opbringst komt ûnder oaren út in ynsammelingsaksje fan jongeren fan de protestantske gemeente Tsjummearum/Furdgum. Ek op ynternet freegje de inisjatyfnimmers om jild. De brân wie ôfrûne moandei 19 desimber.
Mem Meini Kikstra wie op dat stuit mei har beide dochters Femke en Silke yn Amearika, wêr't Femke it ôfrûne jier studearre hat. Dêr binne se no noch. In heal jier lyn wie de famylje dêr ek. Flak nei thúskomst ferstoar heit Ype hommels. Om de mem en beide dochters te helpen, binne benammen de jongerein mei crowdfunding begûn. Minsken kinne jild stoarte op de bankrekken fan de gemeente Tzummarum/Firdgum, ûnder fermelding fan Kikstra.