Koade giel: KNMI warskôget foar hurde wyn en heechwetter

It KNMI warskôget op twadde krystdei foar swiere wynstjitten letter moandeitemiddei en moandeitejûn yn Fryslân. It waarynstitút hat koade giel foar gefaarlik waar ôfjûn. Yn it Waadgebiet kinne wynstjitten foarkomme oant 110 kilometer yn it oere. Troch de hurde wyn wurde ek hege wetterstannen yn it Waadgebiet ferwachte. De kearmuorre yn Harns is ôfsletten fanwege de hurde wyn.
De tsjinstregeling fan de fearboaten nei de eilannen is as gefolch fan 'e hege stân fan it wetter oanpast. Ferskate ôffearten binne skrast. Fearboat De Friesland fart noch wol tusken Harns en Skylge, mar Rederij Doeksen hat de tiden foar jûns wol oanpast. De boat fan 17.30 oere fan Skylge nei Harns set ôf om 18.45 oere en dy fan 19.55 oere fan Harns nei Skylge giet om 21.00 oere.
De plysje warskôget ek foar heechwetter by bygelyks de feardaam op It Amelân. Parkearders wurdt frege har auto dêr fuort te heljen en op in oar plak del te setten.