Yn 2018 gjin hurddraafwedstriid by Slachtemaraton

26 des 2016 - 10:24
In eardere edysje fan de Slachtemaraton, finish yn Raerd - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Foar it earst yn it bestean fan de Slachtemaraton sil der yn 2018 gjin hurddraafwedstriid oan it evenemint ferbûn wêze. Yn 2018 is der in ekstra edysje fan de slachte, yn ferbân mei Ljouwert Kulturele Haadstêd. Yn datselde jier en yn deselde perioade is lykwols ek de maraton fan Snits. Beide eveneminten soene inoar te bot yn it paad sitte.

De Slachtemaraton wol him yn 2018 dêrom hielendal rjochtsje op kuierders en lit it organisearjen fan in maraton foar hurddravers hielendal oan Snits oer. In datum foar de Slachtemaraton fan 2018 is der noch net. Dêrfoar moat earst it folsleine oersjoch fan alle aktiviteiten fan Ljouwert Kulturele Haadstêd klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)