Wenhûs yn Surhústerfean swier skansearre troch brân

In wenhûs oan de Stikker yn Surhústerfean hat sneontenacht troch in brân flink wat skea oprûn. Krekt nei ienen krige de brânwacht fan Drachten en Surhústerfean in melding fan in brân op de souder fan de wente. Doe't de brânwachtminsken te plak wienen, die bliken dat ek de wenkeamer fan it hûs yn 'e fik stie. De brânwacht moast gau optrede, om't der kâns wie dat de brân ek de njonkenlizzende wente berikke soe.
Dat barde net, mar troch de brân rekke it pân sels flink skansearre. De wenning is de kommende tiid ûnbewenber troch de reekskea. De bewenners wurde opfongen troch in stichting. It is noch net dúdlik hoe't de brân krekt ûntstean koe.