Klaas Haijtema is wer thús yn Wûns út Myanmar wei

25 des 2016 - 22:37

Klaas Haijtema is wer thús yn Wûns út Myanmar wei. Dat meldt RTL Nieuws. Mem Leny seit dat Klaas al sûnt freed thús is. Mem is út de skroeven fan blidens. Wy fiere it kontinu, sei se. En it giet goed mei Klaas, neffens syn mem. Syn freondinne Nathalie is ek yn Wûns.

Klaas siet trije moanne yn de finzenis yn Myanmar. Hy waard oppakt omdat er in kabel loslutsen hie út in fersterker wêrtroch't de boeddhistyske muontsen net langer te hearren wiene. Klaas hat ferskate kearen syn ekskuzes oanbean, mar moast dochs de sel yn.

Trefwurden: 
Klaas Haijtema Wûns
(advertinsje)
(advertinsje)