Rûzige jûn en nacht, twadde krystdei mooglik sinne

As jo jûn of fannacht noch op 'en paad moatte: hâld rekken mei wynstjitten. Dat seit waarman Jan Jonkman. De wyn hellet op de jûn fan earste krystdei oan ta maksimaal krêft 9. Dêrtroch leit de gefoelstemperatuer krekt boppe de 1 of 2 graden.
Twadde krystdei lûkt earst in reingebiet oer Fryslân. Dêrnei hellet de wyn wer oan ta krêft 8 of 9. Der is kâns op sinneskyn, dus in dei om lekker út te waaien. Letter yn de wike wurdt it kâlder en is der kâns op nachtfroast. De rest fan it jier drûch waar.