Drugsynfal yn Surhústerfean

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtejûn in ynfal dien yn in hús oan De Kamp yn Surhústerfean. Oanlieding foar de ynfal wie dat ûngerêste âlders de plysje belle hiene. Se tochten dat de bewenner drugs ferkocht oan minderjierrige bern.
By de ynfal binne trije minsken oanhâlden. De 27-jierrige bewenner, in 18-jierrige ynwenner fan Koatstertille en in 15-jierrige Drachtster. De lêste twa wurde fertocht fan de ferkeap fan XTC.