Boer Visser út Wytgaard: "Ik tink: gau út de hûs wei"

25 des 2016 - 17:14

"Se hawwe de ôfrûne wike in soad drokte hân. Der kaam fan alles op harren ôf. En dêrom soe dit krekt wat foar harren wêze. Dat alles foar se klear is, dat se neat hoege te regeljen, dat echt alles fersoarge wurdt." Buorman Meindert Reitsma hat de famylje Visser nominearre foar in krystbrunsj fan topkok Reitse Spanninga.

Omrop Fryslân hat hûnderten reaksjes krigen, mar Reitse koe mar ien brunsj meitsje. En dy wie foar de famylje Visser fan Wytgaard, dy't ôfrûne wike by in brân de hiele pleats kwytrekke.

Fee

Op it momint dat de brân útbruts, in wike lyn, wie Johan Visser oan it wurk mei de hegedrukspuit. De garaazje moast skjin. "De dei dêrfoar wie ik dêr ek al mei dwaande. Ik soe it allinnich noch even ôfmeitsje. Ik wie hast klear, en doe hearde ik it fee leven meitsjen yn de stâl. Dat bart wol faker. Dan skrikke se, fan in fûgel of sa."

Reek

"En doe hearde ik wat dakpannen fan de pleats ôf rûgeljen. Ik stie oan de oare kant fan de pleats, en doe't ik omheech seach, seach ik wite reekplommen. Dy waarden gau swart."

"Ik haw my fan it garaazjedak skowe litten, as in glydbaan, en koe noch krekt yn de hûs komme. Ik haw fuortendaliks grut alarm slein. 112 belle. Ik wist wol dat it net goed kaam."

De hûn

"Ik tink: 'Gau út de hûs wei, en ik kom hjir net wer.' En doe't ik bûten wie, betocht ik my. Ik hie de hûn ek wol even meinimme kind. Mar ik koe al net mear werom."

"It fee moast der allegearre út. Mar ik stie der allinne foar. Der wie net in kop. Dat duorre mar in pear minuten, en doe wie it hiele doarp der. Dy kamen fuort om te helpen. Der stie in hiele ploech yn de stâl om it fee derút te drukken."

Foto's

"De frou en de bern wiene yn Grou te boadskipjen. Dy kamen werom oer de sneldyk, hjir achterlâns, en se seagen wol dat it goed mis wie. Doe't se thús wienen seagen se hoe't alles yn reek opgong. De bern koene by de buorlju ûnderdak, de frou hat de brânwacht oanwiisd hokker weardefolle saken oft se út it hûs helje moasten. Foto's en sa. Troch it rút, fia de foardoar koene je der al net mear yn komme."

Krystbrunsj

Reitse Spanninga fynt it moai dat er wat foar de dupearre famylje dwaan kin. "Se hawwe in soad pech hân. It is moai dat we se no even yn de watten lizze kinne. Dêr binne se wol oan ta."

De hûn hat de brân oerlibbe.

(advertinsje)
(advertinsje)