Ynsidint Oerrock:man meldt him

23 maaie 2012 - 10:19

In man fan 19 hat him by de plysje meld yn ferbân mei it ynsidint dat him it ôfrûne wykein foardie nei it Oerrock-festival yn Oerterp. Yn de nacht fan sneon op snein rekke in frou fan 49 slim ferwûne doe't se ynienen fan achter op 'e rêch sprongen waard. Se rekke earnstich ferwûne oan rêch en holle. Yn it UMCG yn Grins moast se opereard wurde.

De man fan Surhuzum hat doe syn ekskuzes wol oanbean, mar de ferwûnings liken yn earste ynstânsje ta te fallen. Undersyk sil útwize moatte oft it hjir om opsetsin giet.

Trefwurden: 
frou ferwûne Oerrock ynsidint
(Advertinsje)
(Advertinsje)