Ruud van Nistelrooij ferrast rappende trainer Niek

25 des 2016 - 14:10
Niek Tiemersma en Ruud van Nistelrooij - Foto: KNVB

Ald-fuotbainternational Ruud van Nistelrooij ferraste de rappende trainer Niek Tiemersma fan Frjentsjer mei in beurs foar in trainers-oplieding fan syn Foundation. Tiemersma wie nei Zeist ôfreizge, mar hie noait ferwachte om Van Nistelrooij dêr te moetsjen. Dat is te sjen yn in filmke fan it fuotbalbûn KNVB.

De KNVB hie de ferrassing arranzjerre, út enthûsjasme oer in fideo dêr't yn te sjen is hoe't Tiemersma syn team fan jeugdspilers motivearret mei in rap.

"De KNVB gelooft dat het om ontwikkelen van mensen gaat. Je zag die kinderen bijna een halve meter van de grond af komen" sei KNVB-direkteur Hans van Breukelen. "Je ziet dat hij echt om de kinderen geeft. Dat het zijn jongens zijn" sei Van Nistelrooij.

"Ik ken je van het filmpje" sei Van Nistelrooij doe't er Tiemersma yn it each krige. "Ik ken jou ook van filmpjes" sei Tiemersma. "Dit is echt crazy! Echt vet!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)