Friese Koers lulk oer REC

23 maaie 2012 - 10:09
REC ôffaloven - Foto: Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma

De steatefraksje Friese Koers seit skokt en ferbjustere te wêzen oer de hege advokatekosten dy't de provinsje betellet foar de ôffaloven yn Harns. Neffens Friese Koers giet it om in bedrach fan 430.000 euro, wat delkomme soe op 1200 euro foar in dei.

By de behanneling fan de jierrekken oer 2011 hat de ienmansfraksje om opheldering frege. Friese Koers wol dat it jild by Omrin weromfoardere wurdt.

Trefwurden: 
REC Friese Koers Omrin advocaat
(advertinsje)
(advertinsje)