Jonge út Gytsjerk ferstoarn

23 maaie 2012 - 10:04
Traumahelikopter - Foto: ANP Kippa

De jonge (13) út Gytsjerk, dy't begjin dizze wike oanriden waard op de Westerdyk yn Ryptsjerk, is oan syn ferwûnings ferstoarn. De jonge stuts mei syn fyts de dyk oer en hat dêrby nei alle gedachten net goed útsjoen. Hy waard oanriden troch in auto en rekke slim ferwûne.

De jonge waard mei de traumahelikopter nei it universitêr medysk sintrum yn Grins flein, dêr't er letter ferstoarn is.

Trefwurden: 
ûngelok Ryptsjerk ferstoarn
(Advertinsje)
(Advertinsje)