Piet Paulusma warskôget foar rûch krystwaar

"It wurdt in rûge kryst." Dat seit Piet Paulusma. Foar de krystjûn en -nacht warskôget ús waarman foar swiere wynstjitten út west oant súdwest. "Se kinne oprinne oant wynkrêft 10 en dat jildt dan benammen foar it kust- en Waadgebiet en de Ofslútdyk. Healwei de jûn komt dêr ek rein by." De temperatuer leit om de 7 graden hinne.
Op earste en twadde krystdei is der ek noch hurde wyn dy't by flagen stoarmich is en kâns op in bui, seit Paulusma. Tiisdei is der wer sinneskynwaar, sa is de ferwachting.