Ljouwert: KH keallet swier

23 maaie 2012 - 09:52

Kin Ljouwert fierder as lûker fan de Kulturele Haadstêd 2018 of kinne de ambysjes yn it jiskefet? De Ljouwerter polityk prate hjir tiisdei oer yn kommisjeferbân. Op dy kommisje waard dúdlik dat it CDA tsjin is, en de PvdA foar.

Tiisdei moast de kommisje bepale oft it 200.000 útlûke wol om kâns te meitsjen as kandidaat. De Pvda kin as grutste partij yn Ljouwert mei in ja foar in mearderheid soargje, mar ek by de PvdA liket dat net hielendal fan herte te gean.

Trefwurden: 
PvdA KH2018 Sjoerd Feitsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)