Dakpannen adoptearje foar Museum Warkums Erfskip

24 des 2016 - 19:42

Museum Warkums Erfskip set in aksje op om jild yn te sammeljen foar de ynrjochting fan De Waag yn Warkum. Yn de luifel fan it gebou komt mei reade dakpannen it wurd 'museum' te stean. Partikulieren of bedriuwen kinne dan sa'n dakpanne adoptearje foar 100 euro. Minsken dy't in dakpanne adoptearje krije in sertifikaat en wurde twa jier lang fergees lid fan it museum.

De Waag is yn it jier 1650 boud. Yn 2007 waard it gebou restaurearre en kamen de VVV en Museum Warkums Erfskip deryn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)