FIDEO: "Stress mei de feestdagen nimt hieltyd mear ta"

Mei de krystdagen dekke we net allinne de tafel, mar 'bedekke' we ek in hiel soad gefoelens en emoasjes. Dat seit lifecoach Ank van der Meer fan Ljouwert. Neffens har soarget dat foar in soad stress by minsken yn dizze dagen. De druk om it foaral gesellich, moai en leuk te hawwen, wurdt al mar heger, seit se. Troch media en reklames litte we ús hieltyd mear gek meitsje oer hoe't it moat mei de krystdagen en âld en nij.
Van der Meer fernimt faak dat sy it nei de feestdagen drokker krijt, seker yn har wurk as relaasjeterapeut. Want as it mei de feestdagen net slagge is ferbining mei mekoar te sykjen dan gean minsken yn relaasjeterapy. Dus, in tip fan har om de dagen goed troch te kommen: sjoch inoar djip yn de eagen en praat!