Auto rydt rjochttroch op t-splitsing oer sleat hinne

24 des 2016 - 16:00
Foto: De Vries Media

In man is sneon oan it begjin fan de middei ferwûne rekke tusken Wierum en Nes (Dongeradiel). De automobilist ried rjochttroch op de t-spliting dër't de Hochtswei op de Wiesterwei útkomt. Hy fleach mei de auto oer in sleat hinne. Hoe't dat koe, is net dúdlik. De auto kaam op stik boulân telâne. De brânwacht hat holpen it slachtoffer wer oer de sleat hinne te tillen en yn de ambulânse te krijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)