UPDATE: Brânwacht is brân master yn wenpleats by Elslo

24 des 2016 - 13:51
Foto: De Vries Media

De brânwacht fan Appelskea en Noardwâlde hat it sein 'brân master' jûn foar de brân yn in wenpleats by Elslo. Twa ienheden hawwe it fjoer bestriden. De brân siet yn it reiden tek fan in hûs oan de Haadwei fan it doarp. Der waard ek in heechwurker oproppen.

Der is net ien ferwûne rekke by de brân, de bewenners koene op 'e tiid út de wenning komme. De wenpleats hat fikse skea oprûn. Der is wetterskea en it reiden tek is foar in part fuort baarnd, meldt de brânwacht.

De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer him fierder útwreide en wist sa de wenpleats foar it grutste part te behâlden. De brân ûntstie by wurksumheden oan it dak.

Trefwurden: 
brânwacht brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)