Keninklik pear winsket ús folle lok en seine yn it Frysk

24 des 2016 - 13:26
Foto: RVD, Jeroen van der Meyde

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima winskje ús allegearre folle lok en seine yn it nije jier. En dat dogge se yn it Frysk. Op de Facebook-side fan it Keninklik Hûs is de winsk fan de kening te lêzen, net allinne yn it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk, Ingelsk, Spaansk en Papiamentsk.

Yn al dy oare talen winsket de Kening ús ek noflike krystdagen. Dat docht er yn it Frysk dan wer net...

(Advertinsje)
(Advertinsje)