Hinneboeren: ''Wy moatte gewoan wer fierder''

24 des 2016 - 13:04

''De kop der wer foar en gewoan trochsette.'' Mei dy ynstelling wolle twa Fryske hinnebuorkerijen dy't de ôfrûne wiken troffen waarden troch fûgelgryp wer fierder. Op tiisdei 13 desimber waard it hinnebedriuw fan Hans Hazenberg yn Abbegea troffen troch de fûgelgryp. Fiif dagen letter wie it raak by De Lytse Jouwer, op de biologyske buorkerij fan Rimer Dijkstra.

Tsientûzenen hinnen waarden romme, de bedriuwen sitte op slot en de famyljes bliuwe mei lege hannen efter. Foardat se wer fierder kinne mei harren bedriuw, binne se moannen fierder. ''Wy wienen krekt wer in pear wiken oan 'e gong'', sa seit Rimer Dijkstra. ''Yn juny fan dit jier waarden wy troffen troch de fûgelgryp. We hienen krekt alles wer op 'e rit en no binne we wer de pineut.''

''Kinne net folle dwaan''

Tûzenen hinnen fan Dijkstra waarden romme. It duorret noch efkes foardat er wer fierder kin mei syn bedriuw. ''Pas yn maaie komme de nije hinnen wer. Yn 'e tuskentiid sit de boel hjir op slot. Wy kinne net folle dwaan. Finansjeel is it dreech, wy misse no aanst moannen oan ynkomsten. Dochs hawwe we in plan en wolle we gewoan wer fierder.''

Takomst

Ek it bedriuw fan Hazenberg yn Abbegea waard troffen troch de fûgelgryp. ''De romming fan de hinnen is no krekt dien'', sa seit er. ''We moatte no wer fierder. Ein maart krije we de earste hinnen wer en yn maaie moatte we wer op it folsleine tal sitte. It kostet ús in soad jild. Ast betinkst dat in hin ûngefear fiif euro kostet en wy der no wer sechtichtûzen keapje moasten, is dat in flinke strop.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)