Ynbrekker op 'e die trappearre yn Snits

24 des 2016 - 11:05
Foto: ANP

In man dy't yn Snits yn in bannebedriuw ynbrekke woe, is freedtenacht op 'e die trappearre. Plysjes fûnen him wylst er efter in stapel bannen ferside siet. Se wienen nei it bedriuw ta kommen omdat it ynbraakalarm ôfgong.

De man hie in rútsje ynslein. Hy is meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Snits plysje ynbrekker
(Advertinsje)
(Advertinsje)