Kollum: ''Berlyn op it Saailân''

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.
''De frou en ik wienen dizze wike even by skoanfolk op besite doe’t myn Samsung ferfaarlik begûn te triljen. Fia pushberjochten fan de NOS, Nu.nl en noch in pear media krige ik de melding dat der yn Berlyn wat slims bard wie. Jim witte no, in dei as wat letter, allegearre wol wat de terreurfrachtwein foar freeslike skea oanbrocht hat. Op dat stuit besefte ik my dat ús jongste dochter in dei letter in reiske nei de krystmerk yn Bremen op it programma hie. It Drachtster Lyseum docht dat in jier as wat en dat is foar de bern sa flak foar de fakânsje fansels in moai uitje. Doe’t we yn de auto werom riden, wienen we it der wol oer iens dat it reiske faai stie.
Je kinne der donder op sizze dat flak nei sa’n oanslach de âlders fan de bern de skoalle bestoke sille mei harren soarch oer har eigen neiteam. En mei rjocht, want je sille te hearren krije dat in dei letter yn Bremen itselde barde of noch slimmer oanslach wie. Dus de earste reaksjes binne folslein te begripen. Oan de ein fan de jûn, junior soe hast op bêd, kaam yndie it berjocht dat it tripke net trochgean koe omdat de skoallelieding it risiko te grut fûn. Spitich, hartstikke spitich, mar wol te begripen.
Dochs waard ik wat opstandich, want wat der yn Berlyn barde, kin oeral barre. Is ien dei nei wat der yn de Dútske haadstêd barde, de situaasje yn Bremen minder feilich as de dei foardat in gestoarde terrorist mei in Scania op in krystmerk ynried? Is dit hoe’t we dan reagearje moatte? Tiisdei siet ik yn de kroech. Junior moast follybal trene en ik wip dan faak even oan foar in bakje kofje by de ferneamste útspanning fan Drachten. Eins is de kroech dan ticht omdat der bridge spile wurdt, mar ik wurd tolerearre as ik my mar kalm hâld. It praat kaam al gau op Berlyn en dat de bern no harren reiske misse moasten. De kroechbaas sei dat er it jammer fûn dat it reiske net gewoan trochgien wie. Want no ha se berikt wat se wolle. We wurde benaud makke.
Ja, dêr sit ek wol wat yn. De kâns dat Bremen ien dei letter doelwit wurden wie fan inselde soart oanslach as yn Berlyn is like grut as dat dat yn Assen of Kopenhagen barre soe. It effekt dat de freeslike aksje yn Berlyn opsmiten hat is dus dat wy sa beynfloede binne troch de bylden en de reportaazjes, dat we de bern mar in dei as wat thúshâlde. Der wurdt socht nei in alternatyf programma. Want dêr sil wol neat barre. Eins is dat, njonken dat it hielendal te begripen is wêrom’t de beweechredenen sa útpakt ha, folsleine flauwekul en sykje nei skynfeilichheid. De yllúzje fan kontrôle heech hâlde wolle.
Litte wy it bist mar by de namme neame. Ien kear yn de fjirtjin dagen sitte der 25.000 minsken yn it grutste teater fan Fryslân op It Feen. Net op It Fean, mar op It Feen. It bytsje handige selsmoardner kin mei wat help fan in pear oaren dêr in freeslik bloedbad oanrjochtsje. Moatte wy dan net mear nei it fuotbaljen? Noch in foarbyld. De iepening fan KH2018. Ik nim oan dat It Saailân dan fol mei minsken stean sil. Fansels sil de boargemaster beswarre dat alles en eltsenien goed kontrolearre wurde sil en dat der in macht oan plysjes de saak oan de râne fan de stêd minusjeus neisjen sil op terreurfertocht gedrach. Mar wat no as it materiaal foar in eventuele oanslach no al flak by It Saailân opslein is?
De mooglike dieder is no noch in folslein ûnbekende dy’t klearmakke wurdt om út namme fan wa dan ek mar him as harsels op te blazen. Want dy realiteit is werklikheid, hoe freeslik ek. Mei oaren wurden, je kinne nea de feilichheid garandearje fan massale eveneminten. Der is altyd in kâns dat in gek der tuskentroch slûpt. De lieding fan it Drachtster Lyseum hat in goed oerwage beslút naam dat grif op brede stipe rekkenje kin. Mar dochs wringt it ergens. Bin ik it dus mei de kroechbaas yn Drachten iens dat it spitich is dat it reiske nei Bremen net trochgien is? Jim meie it sizze, dizze munt hat dúdlik twa kanten.
Ik winskje jim hoe dan ek moaie krystdagen ta.''