Beheind iepen op snein yn SWF

22 maaie 2012 - 21:09

Toeristyske ûndernimmers yn de eardere gemeente Nijefurd kinne aanst folle minder faak iepen op snein. Dat is it gefolch fan in nije winkeltiidferoardering dy't tiisdei fêststeld is troch de gemeente Súdwest-Fryslân.

Troch de folsleine gemeente as toeristysk gebiet te beneamen meie winkels op snein yn de perioade fan 1 april oant 15 septimber middeis de doarren iepen dwaan. Foar de fúzje wie der mear romte. Undernimmers út it eardere Wymbritseradiel meie no foar it earst op snein iepen. Der bliuwe winkels dy't it hiele jier iepen wêze meie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)