Ljouwerter mei stiletto pakt

22 okt 2011 - 12:15

In Ljouwerter (20) is freedtenacht oanhâlden op fertinking fan ferbean wapenbesit. De fertochte makke rúzje mei twa oare manlju foar it plysjeburo oan it Heer Ivostraatje yn Ljouwert. De plysjes hearden de manlju sizzen dat der in mes yn it spul wie. Dat wie reden om yn te gripen. De Ljouwerter hie yndied in stiletto yn de bûse.

It mes is yn beslach nommen en de Ljouwerter is ynsletten foar neier ûndersyk.

(advertinsje)