Fryske hierders kleie foaral oer skimmel yn 'e hûs

27 des 2016 - 05:55

In soad Fryske hierders hawwe te krijen mei skimmel yn harren hierhûs. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân yn gearwurking mei de NOS. Hast fyftich persint fan de hierders dy’t meiwurken oan it ûndersyk jout oan dat se lêst hawwe fan skimmel yn ‘e hûs. En mear as fyftich persint hat te krijen mei focht of lekkaazje.

Omrop Fryslân en de NOS hawwe yn Fryslân 500 minsken ûnderfrege oer harren hierwenning. It giet dan bygelyks oer de steat fan ûnderhâld en oft sy ferhúzje wolle soene fanwegen de steat fan de wenning.

Skimmel en lekkaazje

It tal Friezen dat klaget oer skimmel en lekkaazje is heger as it lanlik gemiddelde. Lanlik hat 43 persint lêst fan skimmel en 47 persint lêst fan focht of lekkaazje. Allinnich yn Noard-Hollân en Noard-Brabân leit dit persintaazje heger. 

Naaktslakken

In frou út Droegeham hat ek meidien oan it ûndersyk. Sy hat bot te krijen mei lekkaazje. “Het is heel ernstig en komt overal uit het plafond in de keuken en hal. Het stroomt zelfs uit de lamp”, seit se yn in reaksje. Troch in lekkaazje yn it dak hat ek in ynwenner fan Dokkum lêst fan focht yn hûs: “Vocht brengt ongedierte met zich mee; wij hebben daardoor naaktslakken in de woning.”

Alde wenningen

In oarsaak foar de klachten oer skimmel en lekkaazje kin wêze dat Friezen yn relatyf âlde hierwenten wenje. De gemiddelde hierwenning fan de Fryske respondinten is boud yn 1966, sa docht bliken út it ûndersyk. Allinnich de wenningen yn Noard-Hollân binne âlder (1961). Lanlik is dit 1970.

It ûndersyk

Om’t minsken mei klachten de enkête nei alle gedachten earder ynfolje as minsken sûnder klachten, sil it gemiddelde sifer wierskynlik leger wêze as it feitlike gemiddelde.

(advertinsje)
(advertinsje)