UNIS Flyers wint iishockeytopper yn Den Haach fan Hijs Hokij

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha mei 7-3 wûn fan Hijs Hokij út Den Haach. De Flyers stean no allinnich boppe-oan yn de BeNe-liga. De ploech hat noch gjin wedstryd ferlern. Hijs Den Haach wie yn it foar ien fan de swierste tsjinstanners. Ek dizze ploech hie noch gjin punten ferlern.
De Flyers namen yn Den Haach fan it begjin ôf it inisjatyf. Se kamen al gau op foarsprong en koene dat útbouwe nei 5-1. Hijs kaam werom oant 5-3, mar de grutte man wie Adam Bezak. Hy skoarde trije kear foar de Flyers. De perioadestannen: 0-1, 1-3 en 2-3 .