Supermerken draaie opnij topdagen foar de krystdagen

23 des 2016 - 22:53

De krystferkeapen yn de supermerken komme dit jier wer foars heger út as ferline jier. Dat is de ferwachting fan it Centraal Bureau Levensmiddelenhandel. Lanlik wurdt rekkene op in omset fan 825 miljoen euro. Freed begûn de grutste drokte al en sneon wurdt it nei ferwachting de drokste dei fan it jier.

Dat betsjut dat winkels 40 oant 50 persint mear personiel ynsette as op in gewoane sneon. Op dizze lêste dei foar de krystdagen giet it benammen om de deifarske produkten. Hâldbere produkten bin fan 'e wike al massaal ynslein.

Trefwurden: 
iten supermerken krysttiid
(Advertinsje)
(Advertinsje)